Kollum: "De wolf fan Fryslân"

"Der is in Sweedsk mearke dat Wolven yn de krystnacht hjit. Dat kin jûn moai yn alle húshâldens foarlêzen wurde. Ljochten út, kearzen oan, hartstikke smûk. Hartstikke tapaslik ek, want der is ommers in wolf yn de bosk by Bakkefean sinjalearre wurden. Dan kriget sa'n ferhaal toch in ekstra diminsje. Lykas de bosk by Bakkefean troch de wolf in mearkeseftige diminsje kriget. Dêr meie wy dat bist tankber foar wêze, want no liket it krekt as is it oanharke en beblêdblazere túntsje fan Bakkefean in echt bosk.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Presys 150 jier nei't wy it ekosysteem fersteurd ha troch de wolf út te rûgjen, is er der wer. It kommentaar dat nei oanlieding dêrfan it measte foarbykomt, is: 'It bist heart hjir net thús.' Net ûnlogysk, om't ús generaasjes de wolf noait meimakke ha. Wy komme net fierder as ús ûnderfinings mei Bor fan de Fabeltsjeskrant, mei de wolf fan Peter of dy fan de sân geitsjes. Likegoed is de wolf hjir mear hiem as pak 'm beet Skotske heechlanners yn de Lauwersmar of moeflons op de Hege Feluwe.
Fanâlds hat de wolf hjir syn plak. De ellinde is benammen begûn doe't yn it ramt fan natuerbehear it bist útrûge wurden is. De grutste fijân fan de natuer is net de wolf mar it natuerbehear. Dat wat wy natuer neame (en bygelyks de Hege Feluwe hjit net om 'e nocht in park) is troch de minske makke. Oanskoffele, rjochtlein en sa oantaast dat wy, it publyk, it leuk en aardich en komfortabel fine. De natuer is oant yn de puntsjes regulearre, is in plak dêr't wy in kaartsje foar keapje om yn optocht mei de fyts trochhinne te sjezen. Dat wat der noch oer wie oan echte natuer is nuet makke.
No lit de wolf him sûnt in pear jier sjen. In bist dat net te kontrolearjen is. Oars net as troch it dea te sjitten. Skieppehâlders freze foar harren skiep, jagers freze foar harren hobby. Dochs lykje dy beide kampen harren ûnnedich drok te meitsjen. Neffens biolooch Roelke Posthumus is de wolf absolút gjin konkurrint foar de jager. Sy seit dat Nederlân likernôch sa'n 100.000 reeën telt, 8.000 wylde swinen en in pear tûzen edelharten. De jierlikse oanwaaks dêrfan krije de jagers net ôfsketten, en dêr kin de wolf by helpe.
Wat skiep oangiet dy't troch de wolf snipt wurde: 4 oant 13.000 wurde jierliks deabiten troch hûnen en foksen. Dat soks gjin nepnijs is blykt út sifers hjir yn it noarden. Fan 33 deade skiep yn Drinte en Grinslân de ôfrûne tiid binne mar fiif troch in wolf opsnaske. De dea fan seis skiep yn Wolvegea (je betinke it net) is ek oan in hûn ta te skriuwen. Datselde jildt foar 24 deade skiep yn Slappeterp.
Mei oare wurden: wy moatte de wolf talitte. As Fryslân sels akseptearje as symboal fan de provinsje. Want is de wolf net sosjaal en eigensinnich? Frij en loyaal? No dan. Om dy akseptaasje makliker te meitsjen kinne wy de wolf fan Bakkefean in namme jaan. Ynstjoeringen kinne nei ffm@omropfryslan.nl of nei myn persoanlik mailadres. En ferjit net dat de iennichste wolf dêr't wy echt oer ynsitte moat, de politike wolf yn skiepsklean is."