Foarstanners kringlooplânbou kuierje nei minister yn Den Haag

24 des 2019 - 08:15

Op inisjatyf fan de boargerbeweging Kening fan de Greide sille yn jannewaris mear as tritich organisaasjes oandacht freegje foar kringlooplânbou. Dat dogge se troch it organisearjen fan in Kring-Loop, in kuier fan Delfgauw nei Den Haag. Dêr wolle se in tsienstappeplan oerlangje oan minister Carola Schouten fan Lânbou.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Neist Kening fan de Greide dogge ek de Friese Milieu Federatie, Circulair Friesland, It Fryske Gea en de Friese Voedselbeweging mei oan de kuier op 14 jannewaris. De tocht is goed tsien kilometer lang en sil trije oant fjouwer oeren duorje. It wurdt in soarte fan rinnend poadium mei bygelyks saakkundige boeren en boargers dy't oer kringlooplânbou oan it wurd komme. Oan 'e ein fan de tocht wurdt dan it tsienstappeplan oan de minister yn Den Haag oanbean.

Kringlooplânbou is in foarm fan lânbou dêr't sa min mooglik ôffal by frijkomt en de útstjit fan skealike stoffen sa lyts mooglik is. Grûnstoffen en einprodukten wurde maksimaal benut.

Oant no ta ha 32 organisaasjes út Fryslân en de rest fan Nederlân har oanmeld foar de kuiertocht. Se wolle op dizze wize in hoopfol lûd hearre litte, seit Marcia de Graaff fan Kening fan de Greide. Wat de tsien stappen yn it plan krekt binne, is no noch net dúdlik. De organisaasjes wolle dy de kommende wiken foarm jaan.

Takomstbestindich

"Alle organisaasjes dy't meidogge, ha we tsien fragen steld, wêrmei't we dat tsienstappeplan foarmje sille. Want it is ek hiel belangryk dat we dit plan mei-elkoar foarmje", seit De Graaff. "Ik tink dat it hiel belangryk is dat wy mei-elkoar stean foar in kringlooplânbou dy't rekken hâldt mei wat de ierde jaan kin, en dy tagelyk boeren in goed ynkommen jout, dêr't sûne produkten út fuortkomme, sûne bisten, in sirkulêre ekonomy en gelokkige boargers."

De organisaasjes wolle in fyzje foarmje dy't takomstbestindich is en foarkomme dat der yn de takomst opnij problemen ûntstean, mei bygelyks de stikstofútstjit en it bioferskaat.

Marcia de Graaff fan Kening fan de Greide oer de Kring-Loop

(advertinsje)
(advertinsje)