Earme âldere wurdt min berikt

09 jul 2012 - 12:10

It earmoedebelied fan 'e gemeente Ljouwert kin effisjinter. Dat stiet yn in rapport fan de rekkenkeamer. De gemeente wol de 8.000 earmste húshâldings helpe mei regelingen as bysûndere bijstân, it kwytskelden fan gemeentlike belestings en in regeling foar âlderen en handikapten.

It slagget de gemeente mar min om de âldere doelgroep te berikken. Fan 'e âlderein mei in leech ynkommen docht noch gjin 16 persint berop op oanfoljende bijstân, wylst se dêr wol rjocht op hawwe. De rekkenkeamer fynt dat de gemeente hjir wat oan dwaan moat.

Neffens foarsitter Polhuis fan de rekkenkeamer soe de gemeente dizze doelgroep better yn byld bringe kinne troch it bestân fan de gemeente te keppeljen oan dy fan bygelyks belestingtsjinst en UWV. Ek binne âlderen faak skruten om oanfoljende bijstân oan te freegjen of binne se net op 'e hichte fan 'e mooglikheid om dat te dwaan. De gemeente Ljouwert jout sa'n 10 miljoen euro yn't jier út oan earmoedebelied. Fan dat bedrach giet ûngefear in kwart op oan de eigen apparaatskosten. De rekkenkeamer fynt dat bedrach oan de hege kant. De rekkenkeamer docht yn it rapport seis oanrikkemendaasjes om it earmoedebelied te ferbetterjen. Fiif fan dy seis oanbefellings wurde ek oernommen troch it kolleezje fan b. en w.

(advertinsje)
(advertinsje)