Duizend Dagen: #1 Sliepe ûnder de preekstoel
In berjocht yn 'e krante bringt sjoernalisten Karen Bies, Diane Romashuk en Wieberen Elverdink op it spoar fan in oangripend ferhaal op De Rottefalle. Tusken april 1992 en oktober 1994 wie de menistetsjerke it skûlplak foar in Syrysk-Ortodokse famylje. Mear as hûndert doarpsminsken holden de wacht, dei en nacht. Hoe gie dat yn syn wurk? En wat besielde harren? En stadichoan komt de fraach: is it ferhaal fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle wier de waarme suksesstory dy't it liket?
Sjoernalisten Wieberen Elverdink (Leeuwarder Courant), Diane Romashuk (Friesch Dagblad) en Karen Bies (Omrop Fryslân) makken DUIZEND DAGEN, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle.
De podcast Duizend Dagen is te beharkjen yn dyn podcastapp en op Spotify.
It is in projekt fan Finster op Fryslân, makke mei stipe fan de Provinsje Fryslân. Byld yn logo: Jentsje Popma.