Wethâlder teloarsteld yn útspraak gaswinning: "Dit is in besmet fjild"

Wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf is teloarsteld oer de útspraak fan de Ried van Steat dat Vermilion trochgean kin mei it opfieren fan de gaswinning by Noardwâlde. De gemeentebestjoeren fan East- en Weststellingwerf hiene frege om it stopsetten fan de winning om't sy benaud binne foar skea en boaiemdelgong. De rjochter hat lykwols oars besletten.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Ik fyn it fansels spitich, want wy hawwe in berop ynsteld yn in foarriedige foarsjenning oanfrege," leit Zonderland út. "De rjochter hat no sein: dêr sjoch ik gjin onlieding ta om mei dy foarriedige foarsjenning al te sizzen tsjin Vermilion dat sy ophâlde moatte mei de gaswinning yn Noardwâlde. Dêr hawwe wy mei te dwaan, dat is dan sa. It berop folget noch."
De wethâlder wit noch net oft it berop wat úthelje kin, mar sy hopet it wol. "It berop hawwe wy net foar neat ynsteld en wy wachtsje no op wat wy dêrmei berikke kinne."

'Foar ús in besmet fjild'

De tsjinstân giet benammen om dit iene fjild. "It fjild is in spesjaal fjild," seit Zonderland. "Yn Weststellingwerf hawwe wy seis gasfjilden, mar dit fjild is foar ús in besmet fjild om't hjir yn it ferline in trilling west hat yn 2009 by De Hoeve. Dat is ek fan deselde put út dy't no wer brûkt wurdt om troch te prikken nei in oar gasfjild. De wjerstân is sa grut by de befolking, hjir moatte wy yngripe. Op ferskate plakken wurdt gas wûn, mar fan dit fjild moatte jimme ôfbliuwe."

'Kwalijk waarneembaar'

De Ried fan Steat hat sein dat de mooglike skodding dy't eventueel ûntstean kin mar oant 2.6 op de skaal fan Richter gean kin. Dat is 'kwalijk waarneembaar' en de kâns op skea is lyts, seit de Ried nei ûndersyk fan Staatstoezicht op de Mijnen, de Nederlandse Organisatie voor toegepast-Natuurwetenschappelijk Onderzoek en de Mijnraad. "Ik snap de arguminten wol, mei de berekkeningen en sa. Eins sizze sy dat it gjin ferskil is dat útmakket, 2.6 dat fiele je suver net. Mar wêr't wy mei te krijen hawwe is dat de ynwenners dochs behoarlik kritysk binne. Sa lang as der noch net in unifoarme skearegeling is, wurdt der ek sein: foarsichtich. Bliuw yn elts gefal fan dit plak ôf," jout Zonderland oan.

Teloarsteld

It kin neffens wethâlder Zonderland noch wol in healjier duorje foar't der dúdlikens is. "It winningsplan dat rint oant 2038, dus as der no in healjier gas wûn wurdt is it mar in fraksje fan wat Vermilion derút helje wol. Vermilion moat syn wurk ek dwaan, dat is in bedriuw dat it dwaan mei fan de rjochter. Ik bin teloarsteld, want wy hawwe dit net foar neat dien. Ek foar de befolking, dy't oanjout dat it te fier giet."
Wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf