FIDEO: Sjoch de Krystnachttsjinst op It Hearrenfean hjir werom

26 des 2019 - 16:40

Oeral yn de provinsje binne op krystjûn tsjerketsjinsten. Ien fan de grutste fan de krystnachttsjinsten wie dy yn Sportstêd Hearrenfean. De 'Kerstnacht Heerenveen' lûkt alle jierren sa'n 3.000 besikers. De tsjinst, mei as spesjale gast sjongster Iris Kroes, wie live te sjen by Omrop Fryslân.

It tema fan dizze krystnachttsjinst wie 'Verlangsamen', sa fertelde dûmny Anne-Meta Kobes fan de protestantske gemeente Hearrenfean.

"Alles lijkt wel snel, nu en onmiddellijk te moeten gebeuren. Maar het is ook goed om af en toe even pas op de plaats maken. Tijd voor elkaar te nemen. Te verlangzamen. En te verlangen om samen te zijn."

Neist Iris Kroes wurken ek dûnsstudio Hier! de brassbands Pro Rege en Advendo en it Groot Heerenveens Kerstkoor mei.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)