Wenpleats giet ferlern by brân yn Burgum

24 des 2019 - 04:36

In wenpleats oan de Burgumerdaam yn Burgum is tiisdeitemoarn betiid ferlern gong by in brân. De oproppen brânwacht wist oerslach fan de brân nei in neistlizzende âlde suvelfabryk foar te kommen. De plysje hâldt rekken mei brânstichting en docht ûndersyk.

De brân begûn om in oere as trije hinne, wêrtroch is noch net bekend. By de brân is nimmen ferwûne rekke. De brânwacht giet der fanút dat de pleats leech stie.

De brânwacht sette meardere korpsen yn om it fjoer te bestriden. Dy slaggen der net yn de wenpleats te behâlden, mar koene wol foarkomme dat it fjoer oersloech nei neistlizzende gebouwen. It giet dan ûnder oare om in âlde suvelfabryk.

By de brân kaam in soad reek frij, de brânwacht warskôge omwenners dêrom ruten en doarren ticht te hâlden.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân om't it net wis is hoe't de brân ûntstien is. "Er wordt een sporenonderzoek en een buurtonderzoek gedaan omdat we rekening houden met brandstichting", fertelt de wurdfierder fan de plysje. "Het pand staat leeg en dat is opvallend, want hoe ontstaat zo'n brand dan?"

De plysje docht faker ûndersyk nei it ûntstean fan brannen as der gjin oarsaak fûn wurde kin.

De brân oan de Burgumerdaam yn Burgum - Foto: Kevin van der Velde/ProNews

Rutger de Groot fan de brânwacht

(advertinsje)
(advertinsje)