Man dy't plysjeman sloech nei stekpartij Drachten wol him ferantwurdzje

23 des 2019 - 20:24

De man dy't sneintejûn in plysjeman slein hat sil him melde op it plysjeburo. Dat skreau de man op syn Facebookside, hoewol't it berjocht letter wer fuorthelle is. It foarfal barde nei in stekynsidint oan de Zuidkade yn Drachten.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De man skriuwt dêr dat hy de "jongen in het roze shirt" is, dy't op ferskate filmkes te sjen is. De man seit dat hy út emoasje hannele doe't hy de plysjeman sloech. Hy seit dat syn "kleine neefje" delstutsen wie. Doe't hy syn neefke treastgje woe seit de man dat hy fan de plysje te hearren krige: "wegwezen."

De man skriuwt dat dêrnei syn "opa van dik in de 60"in klap krige fan de plysje. Dêrop helle de man ferhaal en hy helle út nei de plysjeman. Dêroer skreau hy: "Misschien had ik anders moeten reageren, maar wij reageren op emotie." De plysjeman rûn in brutsen noas op. De agint waard slein doe't er ambulânsepersoniel helpe soe dat troch omstanners bedrige waard.

(advertinsje)
(advertinsje)