Welmoed Sijtsma by duo-presintatoaren foar nije talkshow Op1

23 des 2019 - 20:25

De yn Hurdegaryp berne presintatrise Welmoed Sijtsma foarmet tegearre mei Sander Schimmelpenninck ien fan de twa lêste presintaasjeduo's fan de nije talkshow Op1, dat waard moandei bekend. Sy binne ien fan de fiif twatallen dy't Jeroen Pauw ferfange, dy't no opholden is mei syn deistige talkshow.

Welmoed Sijtsma - Foto: ANP

It oare duo dat moandei bekend waard, bestiet út Giovanca Ostiana en Tijs van den Brink. Earder binne al Erik Dijkstra en Willemijn Veenhoven, Carrie ten Napel en Charles Groenhuijsen en Sophie Hilbrand en Hugo Logtenberg bekendmakke.

Welmoed Sijtsma is yn Hurdegaryp berne en groeide op yn Ljouwert. Sy hat by Omrop Fryslân wurke, en is by it grutte publyk bekend fan it Jeugdjournaal. Fan 2018 ôf presintearret sy Goedemorgen Nederland.

Sijtsma op tongersdei

De talkshow set útein op 6 jannewaris en elts duo hat in fêste dei. Welmoed Sijtsma en Sander Schimmelpenninck krije de tongersdei. Schimmelpenninck is haadredakteur fan it tydskrift Quote, boppedat hat hy in kollum yn De Volkskrant. Fierder wûn hy ôfrûne jier it telefyzjeprogramma De Slimste Mens.

(advertinsje)
(advertinsje)