Goud Wolfslag, brûns Tjeerdsma

13 nov 2011 - 13:56

Judoka Miranda Wolfslag fan Ljouwert is sneon Nederlânsk kampioen wurden yn de klasse oant 52 kilo. Se fersloech yn de finale Janny van der Meer út Delfsyl. Yn de heale finale wie se te sterk foar Lilo Schultz.

By de manlju wie der yn de klasse oant 73 kilo brûns foar Tjeerd Tjeerdsma. De judoka, dy't wennet yn Hoogeveen mar traint by A7 Judo (Drachten en It Hearrenfean), fersloech yn de striid om it brûns Richard Smit.

Trefwurden: 
judo
(advertinsje)