Brêge yn Burdaard mear as twa moannen ticht foar autoferkear

23 des 2019 - 19:07

De Steenhuisenbrêge yn Burdaard is fan 6 jannewaris oant en mei 20 maart ôfsletten foar it autoferkear. De brêge oer de Dokkumer Ie is ticht yn ferbân mei renovaasjewurksumheden. It ferkear wurdt omlaat fia de Dokkumerstrjitwei-Kolkhuiserbrêge-Hikkaarderdyk.

Foto: mapio.net

Fytsers en fuotgongers kinne wol gebrûk meitsje fan de brêge, útsein op 7 en 8 jannewaris. Dy twa dagen wurdt yn it doarp in needbrêge oanlein. Dizze komt te lizzen op hichte fan de Eewal 19 en de Kuiperstrjitte.

Ek de skipfeart kin op 7 en 8 jannewaris net by de brêge del.

(advertinsje)
(advertinsje)