Strûpmoes-aksje by nachtopfang foar faker waarme mielen foar dakleazen

Aksjefierders demonstrearje by de nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert, om't se it der net mei iens binne dat de organisaasje mar trije dagen yn de wike waarm iten jout oan dakleazen. Sa flak foar de krystdagen soe dat oars moatte, fynt Sytze Kout fan Bed Bad Brood Fryslân. Hy dielt moandei strûpmoes út by de opfang.
Strûpmoes © ANP
Op alle dagen is der iten, mar net alle dagen dus wáárm iten. Neffens Sytze Kout is trije kear yn de wike net genôch. "As je dak- en thúsleas binne of gjin papieren hawwe en jo rinne in pear dagen op strjitte en mei hast gjin jild, dan is it wol wichtich dat de basisbehoeften garandearre wurde. Dêr heart in waarm miel wol by."
Kout snapt wol wêrom't der foar trije kear keazen is. "Zienn hat in belied dat sy wier meitsje moatte rjochting de gemeente: dat sy in trochstream hawwe. Sy moatte produksjesifers sjen litte en derfoar sjogge sy ek wol yn dat der in groep is dy't yn 'e knipe komt en net sa maklik bemiddele wurde kin nei ambulante begelieding of oare foarsjenningen. En krekt om dy groep giet it. Wy sjogge faak oer de holle dat minsken dy't harren sels net rêde kinne wat ekstra help nedich hawwe. As jo dan besunigje op mielen of wegerje by in nachtopfang, dat giet fierstente fier."

Gemeente

Zienn is de útfierder fan de gemeente Ljouwert, dus soe de aksje net better by de gemeente wêze kinne? Kout fynt: "De helpferlieners hawwe in autonome beropstatus en kinne sels beslissingen nimme. It is ék in kar fan Zienn sels. Us aksje giet yn goed oerlis, sy snappe wat wy oanjouwe. De reaksjes fan de minsken binne posityf. It moat ek struktureel wêze, net allinne foar de krystdagen."
Sytze Kout fan Bed Bad Brood Fryslân
Haad nachtopfang Imar van der Ark fan Zienn hat oan ien kant wol begryp foar de aksje. "Ik begrijp de actie, aan de andere kant geven wij de dak- en thuislozen wel een opvang en proberen wij ze zo snel mogelijk van straat af te krijgen. Zienn heeft de afgelopen jaren veel geïnvesteerd in een goede doorstroom, we proberen de mensen zo kort mogelijk in de nachtopvang te houden en ze zo snel mogelijk te laten doorstromen naar een andere woonplek."

Sop mei bôle

It is net sa dat dak- en thúsleazen néat te iten krije. "We hebben het zo georganiseerd dat wij op vrijdag, zaterdag en zondag van een cateraar een warme maaltijd krijgen. En de andere dagen krijgen ze een maaltijdsoep met brood, tosti's, fruit en drinken, koffie, thee of limonade. Het zijn uitgebalanceerde maaltijden en wij zijn een crisisopvang. Dus zo sober mogelijk, maar wel gezond," leit Van der Ark út. "Ze krijgen ook een lunchpakket mee zodat ze de dag doorkomen."

Needfoarsjenning

Itensiede by Zienn is neffens Van der Ark net in opsje. "Daar hebben wij faciliteiten totaal niet voor, wij blijven een noodvoorziening. Anders wordt het een soort hospice en dat willen wij niet. Ik wil het zo sober mogelijk zodat mensen zo snel mogelijk uit hun crisissituatie komen."
Imar van der Ark fan Zienn