NK-ôfstannen is de 'Wedstriid fan de Wike'

23 des 2019 - 17:43

Tusken de krystdagen en Ald & Nij gjin sport? Wis wol! It Nederlânsk Kampioenskip ôfstannen fynt dit wykein plak yn it Thialf-stadion. In wichtich toernoai, om't de riders harren pleatse kinne foar toernoaien. En wichtige toernoaien komme yn oanmerking foar de Wedstriid fan de Wike.

"En dêrom is dit toernoai de Wedstriid fan de Wike. Der stiet nochal wat op it programma," sa seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. Fansels wurde de Nederlânske titels ferdield. "Dy titels binne echt wol wichtich, mar de toppers sjogge dochs ek fierder. Sy moatte harren pleatse." It giet dan om de trije belangrykste toernoaien fan dit seizoen:

  1. It Europeesk Kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean freed 10 oant en mei snein 12 jannewaris;
  2. It Wrâldkampioenskip ôfstannen yn Salt Lake City, tongersdei 13 oant en mei snein 16 febrewaris;
  3. It Wrâldkampioenskip allround en sprint yn Hamar, 28 febrewaris oant en mei snein 1 maart.

Sven Kramer

Der dogge in soad Friezen mei oan it toernoai dy't harren pleatse kinne. "Mar dejinge dêr't de measte minsken nei út sjogge, sil dochs Sven Kramer wêze. Hoe goed is hy opknapt fan syn auto-ûngelok? Mar benammen, hoe giet it mei syn rêch? Is hy op tiid fit?" Dêr liket it wol op, want hy ried ferline wike in offisjeus Nederlânsk rekôr op de 3.000 meter. "Dat is fansels in goed teken."

Altyd in toernoai mei in ferhaal

Mar ek foar riders as Antoinette de Jong, Letitia de Jong, Jorrit Bergsma en Douwe de Vries stiet wat op it skema. "En dan ferjitte je noch wol in hiele rige oan riders dy't harren pleatse kinne. It sit ticht byinoar. Wa kinne stunte? Wa sakje troch it iis? En wa komme boppe driuwen? It is altyd in toernoai mei in ferhaal."

Freed begjint it toernoai mei de 500 meter by de manlju, de 1.500 meter by de froulju en de 5.000 meter by de manlju. De wedstriden op sneon en snein binne live te folgjen op Omrop Fryslân Radio en alle ynterviews binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl/sport. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber folgje it toernoai.

Wedstriid fan de Wike - Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)