Opfieren gaswinning Noardwâlde mei trochgean

23 des 2019 - 18:51

Vermilion mei trochgean mei it opfieren fan gaswinning by Noardwâlde. De gemeentebestjoeren fan East- en Weststellingwerf hiene frege om it stopsetten. De gemeenten binne benaud foar skea en boaiemdelgong. De Ried van Steat giet dêr lykwols net yn mei.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Dy Ried stelt dat der hast gjin risiko's binne op boaiemtrillingen of ierdskoddingen. Ek fynt de Ried dat it belang fan de útfiering fan it winningsplan grutter is as dat fan de kolleezjes by it stopsetten fan de winning.

De útspraak is in tsjinfaller foar de beide gemeenten. Sy hiene de Ried fan Steat frege om in nij winningsplan op te kearen. Vermilion kin no begjin takom jier de gaswinning fierder opfiere 450.000 kúb deis.

Nije put

De opfiering is mooglik om't Vermilion in nije put slein hat yn djippere stienlagen. De gemeenten fine dat dêr net de goede prosedueren foar folge binne. De Ried fan Steat fynt lykwols dat de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat gjin flaters makke hat troch net alle fergunningen en ûndersiken yn ien proseduere ûnder te bringen.

Yn 2020 wurdt de saak ferfolge. Dan tsjinnet in saneamde boaiemproseduere weryn't de Ried fan Steat djipper yngiet op prinsipiële fragen fan East- en Weststellingwerf oer it winnings- en ynstimmingsplan. Neffens de Ried is der lykwols gjin reden om de gaswinning op it âlde nivo te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De gemeente Weststellingwerf is fûl tsjin de gaswinning by Noardwâlde. Dat hat te krijen mei in ierdskodding dy't earder yn 2009 wie. Dat wie der ien fan 2.8 op de skaal fan Richter. Dat wie doetiids by De Hoeve. Neffens it KNMI hie dy skodding te krijen mei it dumpen fan ôffalwetter yn de lege put. Dat wurdt troch it SodM (Staatstoezicht op de Mijnen) sjoen as in logyske ferklearring.

Net ûnder de yndruk

De Ried van Steat is lykwols net ûnder de yndruk fan de argumintaasje fan de gemeente Weststellingwerf: "Dat er in 2009 bij het nabijgelegen dorp De Hoeve een aardbeving is geweest maakt niet dat de risicoanalyse onjuist is." De Ried sjocht ek gjin oanlieding om te twiveljen oan it stânpunt fan it KNMI, SodM en mynboubedriuw Vermilion.

(Advertinsje)
(Advertinsje)