Sportcast: Jubelstimming by Fryske betelle fuotbalklups

23 des 2019 - 15:54

SC Hearrenfean en SC Cambuur kinne mei in goed gefoel weromsjen op de earste seizoenshelte. Hearrenfean hat in plakje yn de middenmoat, dêr feroare in 1-1 lykspul tsjin Heracles Almelo neat oan. Cambuur is sels winterkampioen en pakte ek noch trije punten by Excelsior: 3-1. Yn dizze Sportcast sjogge we mei Arjen de Boer, Roelof de Vries en Geert van Tuinen werom op dizze prestaasjes. Andries Bakker is de presintator.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Us analisten binne optimistysk oer de earste seizoenshelte fan SC Hearrenfean. De ploech stiet no op it achtste plak mei 28 punten. Geert van Tuinen fynt it positive gefoel om Hearrenfean hinne benammen de fertsjinste fan de trainer: "Johnny Jansen hat it segryn wer út de klup helle." Arjen de Boer fynt dizze trainer in ferromming: "Wat hawwe we in wedstriden sjoen ûnder Streppel en Olde Riekerink, man o man. Dan is dit it evangeelje dat Johnny Jansen preket."

Yn de Sportcast neame ús analisten harren ferrassingen fan it seizoen. Foar Geert van Tuinen is dat Chidera Ejuke: "Dy Ejuke is in 'net- lieden projektyl'. Dat is syn krêft, mar ek syn swakte. Dochs bin ik in Ejuke-fan, hy komt altyd wol foarby yn de gearfettingen."

Bekerútskeakeling posityf?

De wedstriid tsjin Excelsior wie yn it foar oankundige as in mooglik drege wedstriid. Dochs wûn Cambuur frij ienfâldich mei 3-1. Earder yn de wike ferlear Cambuur fan in oare Rotterdamske klup. Yn de beker wie Feyenoord mei 2-1 te sterk. De Ljouwerters spilen lykwols in goede wedstriid en neffens Geert van Tuinen hie Cambuur ek samar ris winne kinnen. It fizier kin no folop op de kompetysje. Arjen de Boer: "Miskien komt it Cambuur net sa min út dat se út de beker lizze."

Jamie Jacobs en Mees Hoedemakers wurde neamd as ferrassingen fan de earste seizoenshelte. Beide spilers komme fan (Jong) AZ. De Boer konkludearret dan ek: "Mei tank oan AZ wurdt Cambuur kampioen."

Michel Vlap

Roelof de Vries en Andor Faber sochten dit wykein Michel Vlap op yn België. Se sochten in goed wykein op om dat te dwaan, want de Snitser stie yn de basis en skoarde ek noch twa kear. Vlap hat it dreech yn België, wit De Vries te melden. Syn relaasje mei de media is ek net goed: "Vlap wol net mear mei Belgyske sjoernalisten prate. Hy fielt him persoanlik oanfallen. Sa neamden de media him 'bedoarn' nei't der in foto makke waard, wêrop de heit fan Vlap syn tas tilt", seit De Vries.

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)