IFKS-skipper Merijn Olsthoorn hâldt op

23 des 2019 - 14:14

IFKS-skipper Merijn Olsthoorn fan it skûtsje Emanuel hâldt op mei it skûtsjesilen. De Amsterdammer fynt it nei acht jier moai west en wol graach romte foar oare saken yn it libben, bygelyks syn húshâlding. Ek njoggen oare bemanningsleden hâlde op. Dêrmei krijt it skûtsje Emanuel in hast folslein nij team.

IFKS-skipper Merijn Olsthoorn - Foto: Omrop Fryslân

Olsthoorn en syn bemanning waarden yn 2017 kampioen yn de grutte A fan de IFKS: "Dat was natuurlijk geweldig. En twee jaar daarvoor wonnen we Lemmer Ahoy, een editie waar de SKS en IFKS toen in bijna volle sterkte vertegenwoordigd was. Ook een hoogtepunt. We hebben acht jaar lang met een stabiele groep gevaren. Daardoor konden we er heel veel uit halen."

Ik heb de IFKS altijd als heel 'iepen' ervaren.

Merijn Olsthoorn, IFKS-skipper

Dochs is it no tiid foar oare saken yn it libben. Merijn: "Wil je met de top meedoen, dan kost het skûtsjesilen gewoon heel veel tijd. Je moet er veel energie in steken en dat hebben we ook gedaan."

Dan weromsjend: "Ik ben heel dankbaar voor iedereen die het mogelijk heeft gemaakt. Wij zijn natuurlijk een team van Hollanders binnen het Fryske skûtsjesilen, maar ik heb de IFKS altijd als heel 'iepen' ervaren. Ongeacht uit welke provincie je komt. Heel tof."

Merijn Olsthoorn, IFKS-skipper Emanuel - Foto: Omrop Fryslân

Nije skipper

It team fan 'de KL', sa't it skûtsje Emanuel yn de folksmûle neamd wurdt nei it teken yn it seil, sil in trochstart meitsje mei in nije skipper. Dy is yntusken fûn yn Aeger van der Hoeff. Hy is sûnt seis jier bemanningslid op de Emanuel. Merijn: "Dat wordt leuk om te zien. Vanaf de kant, dat wel. Gelukkig is zeilen voor jong en oud, een beetje zoals op de doos van spelletjes staat: van 8-88 jaar, dus ik blijf zeker zeilen. Er is straks bijvoorbeeld meer tijd om met mijn kinderen en hun optimist het water op te gaan."

Skûtsje Emanuel - Foto: ORF

Oft it nije team mei de Emanuel fier sil, is de fraach. Yn de kuiergongen giet it lûd dat socht wurdt nei in oar skûtsje, mar dêr wolle se no noch net fierder op yngean.

(advertinsje)
(advertinsje)