Tûzenen ljochtsjes brâne op krystjûn op oarlochsgrêven

23 des 2019 - 13:37

Foar it fiifde jier op rige sille der rûnom yn de provinsje op krystjûn tûzenen ljochtsjes brâne op oarlochsgrêven. De ljochtsjes komme op yndividuele grêven, mar ek op grutte earefjilden fan somtiden mear as 2.000 grêven.

Foto: Omrop Fryslân

It inisjatyf foar de ljochtaksje komt fan Burgumer Dick Jansen. Yn 2015 rekke er ynspirearre troch in tradysje op it Kanadeeske begraafplak yn Holten. Neffens him soe it moai wêze om dizze ljochtaksje ek op oare begraafplakken te organisearjen. Om de aksje foarinoar te krijen, is doe in Facebookpagina opset.

Massaal yn aksje

Yn earste ynstânsje wie rekken hâlden mei fyftjin as tweintich minsken dy't mooglik meidwaan woene. Mar dat is yn de ôfrûne jierren oars rûn. De aksje waard massaal oppikt en al gau baarnden der mear as hûndert ljochtsjes op krystjûn. Neffens de organisaasje binne famyljeleden en neibesteanden fan de oarlochsslachtoffers tige wiis mei de krystaksje. Der komme sels reaksjes út it bûtenlân wei.

Omtinken foar oarlochsgeweld

Dit jier wurde op 400 lokaasjes ljochtsjes oanstutsen foar minsken dy't omkaam binne troch oarlochsgeweld. Op guon plakken is it in yndividuele aksje, wylst der op oare lokaasjes in hiel programma mei taspraken organisearre wurdt.

Fia dizze link is te sjen wêr't op krystjûn ljochtsjes oanstutsen wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)