Protest op It Amelân tsjin plannen foar campus Ameland Academy

23 des 2019 - 13:02

Der is yn Ballum opskuor ûntstien oer de plannen foar de Ameland Academy yn it doarp. Ynwenners ferwachtsje oerlêst fan de studinten dy't yn in spesjale kampus komme te wenjen. Yntusken binne der al mear as 150 beswierskriften yntsjinne by de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Yn febrewaris begjint op It Amelân de saneamde Ameland Academy, dêr't studinten telâne kinne dy't yn de hoareka oan de slach wolle. Doel is om mei de Academy de tekoarten yn de hoareka op te lossen. De Ameland Academy komt yn Ballum, dêr't in wenpleats omboud wurdt. Dêr binne se yn it doarp net bliid mei.

Beswieren

Ballumer Erik de Boer is ien fan de tsjinstanners. "We zijn zo boos omdat de campus in onze optiek te grootschalig is. Er wordt ons verteld dat er maar zeventien studenten in komen te wonen, maar we denken dat dat er veel meer zijn. Dat zijn onze zorgen. We zijn tegen permanente bewoning."

Ferfolchstappen

De Boer is net de iennige dy't him yn Ballum soargen makket oer de Ameland Academy. By de gemeente binne sa'n 150 beswieren yntsjinne en der hingje meardere spandoeken yn it doarp. "We denken dat de gemeente niet veel met onze bezwaarschriften doet", seit De Boer. "Dan moeten we nadenken over verdere stappen, want we laten het hier niet bij zitten."

De Ameland Academy sels wol noch net reagearje op it ferhaal.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort oer de opskuor op It Amelân

Trefwurden: 
It Amelân Ameland Academy
(advertinsje)
(advertinsje)