Plysje oer jonge leeftiid fan fertochten stekynsidint yn Drachten: "Dit is echt heel zorgelijk"

"Dit is een zeer ernstig incident." Dat seit José van Gijssel, wurdfierder by de plysje as reaksje op it stekynsidint yn Drachten sneintejûn. Dêrby rekke in jonge swierferwûne. Letter op de jûn waarden twa fertochten oanhâlden. It giet om twa jonges fan 14 en 15 jier út Drachten en De Gordyk.
Stekynsidint yn Drachten 1
De plysje is benammen skrokken fan de jonge leeftiid fan de fertochten. "Dit is echt heel zorgelijk. Wat doe je op die leeftijd al met een wapen op straat?", freget Van Gijssel har lûdop ôf. Oer de oarsaak kin de plysje noch neat sizze. "We willen heel graag weten wat de aanleiding was voor dit incident. Het verhoor van de jonge verdachten zal daar duidelijkheid over moeten geven."
By de opskuor dy't op strjitte ûntstie nei it ynsidint rekke in plysjeman ferwûne. Hy is oan syn ferwûnings behannele yn it sikehûs. "Daar doen we ook onderzoek naar", lit de wurdfierder witte. Al mei al hâldt dizze saak de plysje noch wol efkes oan it wurk. "Dit is een incident met enorm veel impact, waarbij veel emoties komen kijken."
José van Gijssel, wurdfierder fan de plysje oer stekynsidint Drachten
© ProNews
De minsken dy't de plysjeman mishannele hawwe, binne noch net troch de plysje oppakt. De plysjeman waard slein doe't er ambulânsepersoaniel helpe soe dy't troch omstanners bedrige waarden. De plysjeman rûn in brutsen noas op.