Omrop Tip: Dizze 9 programma’s meist net misse mei de feestdagen

Krûp mar lekker ûnder in waarm tekkentsje op de bank en set de telefyzje mar oan, want Omrop Fryslân stjoert mei de feestdagen de moaiste telefyzjeprogramma's út. Wy sette de hichtepunten fan de winterprogrammearring foar dy op in rychje.
© Big Band Friesland

Myn Skip

Nei in suksesfol iepenloftspulleseizoen wurdt it stik 'Myn skip' dizze feestdagen yn twa dielen útstjoerd. Yn it stik wurdt it skûtsje 'Myn Skip' folge troch trije tiidsperioaden hinne. Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei it stik. Op moandei 23 desimber waard diel 1 fan 'Myn skip' útstjoerd, op tiisdei 24 desimber is it twadde diel te sjen. Kinst de telefyzje om 17.20 oere ynskeakelje.
© Meindert Talma

Domela Passie

Op 18 novimber 2019 wie it 100 jier lyn dat Domela Nieuwenhuis ferstoar. Yn in programma fan in oere krûpt Meindert Talma yn de rol fan Domela. Tegearre mei in koar fan goed 70 minsken bringt hy syn Domela Passie op Explore the North. Domela wie in held yn Fryslân dy't opkaam foar lânarbeiders yn it noarden fan Fryslân. De Domela Passie is op earste krystdei moarns om 09.00, 10.00, 11.00 en 12.00 oere te sjen. It programma wurdt op deselde tiden werhelle op twadde krystdei.
Sequens © Omrop Fryslân

Liet

Sequens út Surhústerfean wie dit jier de grutte winner fan Liet. Op freed 15 novimber strieden sy mei noch tsien finalisten om de winst. Dêrnjonken wie der dy jûn ek in bysûnder 'crossover' programma, mei ferrassende muzikale optredens: in muzikale ferbining tusken de stêd en it plattelân. De crossovers binne te sjen op snein 29 desimber om 17.00 oere. De finale fan Liet diel 1 is te sjen op tongersdei 2 jannewaris om 17.20 oere.
De Stormruiter © Omrop Fryslân

Stormruiter

Tsientûzenen teäter- en hynsteleafhawwers hawwe yn 2018 de spektakulêre foarstelling 'De Stormruiter' sjoen: it grutte hynstespektakel dat ien fan de spearpunten fan LF2018 foarme. It teäterstik fan regisseur Jos Thie wie folslein útferkocht. Mar goed nijs foar wa't it mist hat of nochris sjen wol: yn twa dielen is it dizze feestdagen nochris te sjen by Omrop Fryslân.
'De Stormruiter' is 25 desimber en 26 desimber te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.
© Omrop Fryslân

Sis it mar!

Tusken krysttiid en âld & nij binne harkers fan Omrop Fryslân Radio de baas mei de aksje 'Sis it mar!' Dat betsjut dat op freed 27, sneon 28, snein 29 en moandei 30 desimber (sa goed as) alle muzyk oerdeis op de radio keazen wurdt troch de harkers, troch dy dus.
Stjoer mei de Omrop-app in berjochtsje mei watfoar plaat + artyst asto hearre wolst. Dyn fersyk komt dan binnen yn de radiostudio. De radiomakkers nimme safolle mooglik fersiken fan safolle mooglik ferskillende harkers mei en besykje in moaie balâns te meitsjen fan ferskate muzyksoarten en talen. Dus hâld de radio oan en hear dyn favorite plaat foarby kommen!
© Sport Fryslân

Sportmominten 2019

Pikefel, triennen of gewoan laitsje. Sport docht wat mei minsken. Yn it spesjale telefyzjeprogramma 'Sportmominten 2019' presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 27 desimber om 17.10 oere de populêrste sportmominten. Ut de 20 yn it foar selektearre mominten hawwe it publyk en de sjuery de moaiste 10 mominten keazen. Dy top 10 wurdt yn Sportmominten 2019 bekend makke.
Oan tafel by Arjen de Boer sit in ferskaat oan gasten lykas Maarten van der Weijden en de skûtsjetwilling Harmen en Sytze Brouwer. Ferline jier wûn Suzanne Schulting, wa wurdt it yn 2019? Yn de útstjoering sil ek de provinsjale sport-oeuvrepriis útrikt wurde.
© Omrop Fryslân

Maarten van der Weijden

De feestdagen foarmje ek it momint om werom te sjen op it jier. In echt hichtepunt wie fansels de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden. Fjouwer dagen lang lei swimmer Maarten van der Weijden yn it Fryske wetter om jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker. Omrop Fryslân makke in programma fol hichtepunten fan de tocht en stjoert dy moandei 30 desimber út om 17.20 oere.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Fryske top 100

Op twadde krystdei is it tradisjoneel tiid foar de finale stimdei fan de Fryske top 100. Tusken 13.00 en 18.00 oere krije minsken de lêste kâns om har top 5 yn te stjoeren. It programma is te folgjen by Omrop Fryslân op radio en telefyzje.
De Fryske top 100 wurdt dit jier yn in nij jaske stutsen, want publyk is de hiele dei wolkom by de útstjoering op âldjiersdei. Om't publyk wolkom is, wurdt de Fryske top 100 dit jier útstjoerd fan 06.00 oere moarns oant en mei 18.00 oere jûns. Yn it nije konsept wurde fansels de 100 moaiste platen draaid, mar sjocht Omrop Fryslân ek werom op it ôfrûne jier.
Publyk kin dizze dei ek meidwaan oan in oaljekoekebakwedstriid.
© Omrop Fryslân

Fleanende start

En dan is it alwer 2020. De tiid fljocht en dêrom set Omrop Fryslân it nije jier útein mei it programma 'In fleanende start'. De nijjiersdûk fan De Lemmer is op nijjiersdei ien fan de promininte programma-ûnderdielen fan 'In fleanende start'. Ferslachjouwer Simone Scheffer is der by as tusken ienen en twaen in pear hûndert entûsjaste swimmers har net troch de kjeld tsjinhâlde litte en it nije jier fris(!) begjinne. Te hearren by Omrop Fryslân op 1 jannewaris tusken 13.00 en 18.00 oere.