Brânwacht hoecht yn Fryslân minst faak yn aksje te kommen

23 des 2019 - 11:58

Friezen kinne it bêste omgean mei fjoer. De ôfrûne fjouwer jier is de brânwacht yn Fryslân it minst faak yn aksje kaam foar in brânynsidint fan alle brânwachten yn Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl. Dy fergelike data fan de brânwacht, it ynstitút Fysike Feiligens en it CBS.

De brânwacht yn Noard-Hollân moast, mei in gemiddelde fan 57,7 brânynsidinten op de 10.000 ynwenners, it faakst yn aksje komme. Fryslân stiet mei in gemiddelde fan 23 ynsidinten op de 10.000 ynwenners ûnderoan.

Smoke is de grutste oarsaak fan brannen. Ek koartsluting en itensiede steane heech op it listje.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
brânwacht smoke fjoer
(advertinsje)
(advertinsje)