'Dreaming of a white christmas?' Dan hast de sliep noch net út!

23 des 2019 - 09:00

Dreamsto fan wite krystdagen dit jier? Dat kinst wol ferjitte. Waarman Bonne Bruinsma foarseit de kommende dagen gjin snie foar ús lân. Sterker noch: "De kommende twa oant trije wiken hâlde wy wikselfallich waar mei hege temperatueren."

Foto: -

Besjoch de krystkaarten yn de winkel en oeral leit der snie. "Wy fine dat snie der by heart", wit ek waarman Bonne Bruinsma út Grou. Dochs moatte wy it al in pear jier sûnder snie stelle mei de krystdagen. "De lêste wite krystdagen yn Grou wiene yn 2010, doe wie it wyt op Twadde Krystdei", wit Bruinsma. Mar sjochst nei de lêste 120 jier dan ha wy yn totaal mar acht kear wite krystdagen hân."

Dochs liket snie by de krystdagen te hearren. "Miskien komt it troch al dy krystkaarten, dat wy fine dat it derby heart", tinkt de waarman. "Mar sjoen nei de histoarje bart it net sa faak." Ek dit jier gjin wite krysttiid, wit Bruinsma. "Ik doar wol te garandearjen dat it der dit jier net yn sit."

Waarman Bonne Bruinsma

Reedryde - Foto: Shutterstock.com

Siemen Reitsma is foarsitter fan de iisbaan yn Grou en hopet op kâlde krystdagen yn stee fan in wite wrâld. Alle dagen sjocht er efkes by de iisbaan, dy't al sûnt novimber ûnder wetter stiet. "Jo hoopje dochs dat it begjint te friezen om de krystdagen hinne. Ik wit wol dat it wetter is, mar ik sjoch it iis al wer foar my."

Ofrûne jier koe net reedriden wurde op de iisbaan fan Grou. It jier dêrfoar koe wol riden wurde op it bûteniis. "It is twa jier lyn dat hjir riden is, dus it moat nedich wer wurde."

Siemen Reitsma fan de iisbaan yn Grou

(advertinsje)
(advertinsje)