Kollum: "Gjin stap fierder"

23 des 2019 - 08:38

"De bou fan it mega sinnepark yn Easterwâlde is ôfrûne wike fuortendaliks stillein troch de rjochter. Oanlieding wiene de beswieren fan de Fryske Miljeu Federaasje. Dy fynt dat it lânskip te bot oantaast wurdt troch de oanlis fan it sinnepark. Boppedat soarget de oanlis foar ekstra stikstof yn omlizzende natoergebieten.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Miskien bin ik ûnnoazel hear, mar neffens my is sinne-enerzjy oant no ta ien fan de bêste wizen om skjinne enerzjy op te wekken. Yn tsjinstelling ta wynmûnen hat gjin minsk der lêst fan. Sinnepanielen meitsje gjin lawaai, stekke net boppe de beammen út en donderje ek net samar ynienen nei ûnderen. Mei oare wurden: wat is der op tsjin?

It taast it lânskip te bot oan, klaget de Fryske Miljeu Federaasje. Ik ha de ympresjes fan it plan sjoen en it is yndied in megapark. Mar just dat is de hiele essinsje. Mei ien sa'n park sa folle mooglik enerzjy opwekke. Dan it twadde beswier, nammentlik dat de oanlis ekstra stikstof opsmyt. Kloppet, mar bouwe sûnder stikstofútstjit is noch net ien slagge.

Dan moatte we dy sinnepanielen der mei hynder-en-wein hinne slepe en lykas yn de midsiuwen alles mei de hân te plak lizze. It is ús mei de hunebêden ek slagge, dus wêrom soe dit net kinne. Dan soe sa'n park yn 2030 klear wêze moatte. Oant dy tiid mar gewoan op fossile brânstof trochstoke.

As wy foarút wolle mei dit lân betsjut dat dat wy konsesjes dwaan moatte. Wy kinne it noait elkenien hielendal nei de sin dwaan. Wat waard der eamele oer dy allerearste wynmûnen yn ús Fryske lânskip. Yntusken binne wy deroan wend. Wat seach it der mâl út by de buorman op dak, dy glânzjende sinnepanielen. Yntusken hat hast elkenien se op dak lizzen.

Wolle wy de folgjende stap sette, dan helpt it net wannear't elkenien yn 'e kont hingjen giet. Fansels betsjut sa'n park in grutte feroaring yn it lânskip. Fansels smyt de bou derfan stikstof op, mar as dat de reden is om de stekker derút te lûken dan kinne wy wol ophâlde. Dan kin ommers neat mear. Dan bliuwt alles sa't it no is.

As miljeufederaasje in sinnepark tsjinhâlde, fielt foar my as Greenpeace dy't de walfiskjacht gewurde lit omdat harren eigen boaten te folle stikstof produsearje. As Amnesty International dy't ophâldt mei de jierlikse skriuwaksje omdat al dy brieven te folle beammen kostje. As it Reade Krús dat dokters net mear nei rampgebieten stjoert, omdat al dat fleanen net goed is foar de ierde.

De moraal fan dit ferhaal? Oan alles hinget in priiskaartsje. Mar soms moatst net sjen nei wat it kostet, mar nei wat it úteinlik opsmyt. Oars komme wy gjin stap fierder."

(advertinsje)
(advertinsje)