Auto bedarret yn de sleat nei't bestjoerder útwykt foar ree

23 des 2019 - 08:05

In bestjoerder dy't yn de nacht fan snein op moandei útwike moast foar in ree is mei syn auto yn de sleat bedarre. It ûngelok barde krekt nei middernacht oan de Miedwei by Twizel.

Foto: De Vries Media

Yn de auto sieten twa minsken. Ien fan harren rekke ferwûne by it ûngelok en is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
auto-ûngelok Twizel ree
(advertinsje)
(advertinsje)