Danny Noppert nei WK-útskeakeling: "Ik fiel my djip teloarsteld"

23 des 2019 - 07:32

"Ik fiel my djip teloarsteld." Dat sei darter Danny Noppert snein nei't er útskeakele waard by it WK darts. Noppert ferlear yn de tredde ronde mei 4-2 fan de Belch Kim Huybrechts. "It woe totaal net mear nei 2-2 en dan rin ik achter de feiten oan. Hy wie de gruttere fjochter dizze partij."

Noppert, dy't op dit stuit op it 31ste plak fan de wrâldranglist stiet, begûn fuortendaliks skerp tsjin Kim Huybrechts. Dochs heakke it healwei de partij. "Ik tink dat ik wat te folle druk fielde", konkludearre de Jouster nei ôfrin. "Ach ja, de iene kear falt it mei en no falt it spitigernôch ôf. It wie hurd wurkjen hjoed."

Lokkich man

Noppert fokust him nei it teloarstellende Wk no op takom jier. Mar earst komme de krystdagen der oan, dêr't er sin yn hat. "Ik sil de krystdagen fiere mei myn famylje." Segrinich sil er net oan de krysttafel sitte. "Ik kin my der altyd rap wer oerhinne sette. Ik mei ek net kleie. Ik ha krekt in hûske kocht mei myn frou, dus ik bin in lokkich man."

Knalle yn 2020

Goeie foarnimmens foar 2020 hat er seker. "Ik wol takom jier wer knalle."

(advertinsje)
(advertinsje)