Wolsto yn it tsjuster troch de natoer strune? It kin yn it Ketliker Skar

23 des 2019 - 06:57

Wa wol net yn it tsjuster troch in natoergebiet strune? Bern fan seis jier en âlder kinne moandeitejûn op 'en paad yn natoergebiet it Ketliker Skar, tichtby It Hearrenfean. It Fryske Gea hâldt in jeugdnachtekskurzje.

Hjerstwaar - Foto: Shutterstock.com

Fokje Posthumus fan It Fryske Gea leit út wat der krekt barre sil. "De bern meitsje earst in eigen lantearne, wêrmei't se tegearre mei in gids de natoer yn gean. As se werom komme, kinne se lekker opwaarmje by it kampfjoer en is der waarme poermolke foar elkenien."

Bistelûden

Doel fan de ekskurzje is om bern yn 'e kunde komme te litten mei ferskate bisten yn it bosk. "Boskûlen, mar ek flearmûzen en der binne ek damherten", somt Fokje op. "Dus hooplik sjogge we dy ek noch." It idee fan de nachtekskurzje komt fan frijwilligers fan It Fryske Gea. It is bedoeld foar de bern, mar ek heiten en memmen en pakes en beppes meie mei. Wês der lykwols rap by, want it giet hurd mei de oanmeldings.

Wês der rap by

De nachtekskurzje begjint om 19.00 oere. Allinnich yn de groep fan 19.30 oere kinne der noch guon bern by. "Wy rinne oer in betonpaad, mar it moaiste is dasto de learzens oandochst", jout Fokje as tip.

Fokje Posthumus oer de jeugdnachtekskurzje

(advertinsje)
(advertinsje)