It giet striemin mei de wylp, warskôget Sovon Vogelonderzoek

23 des 2019 - 06:22

It giet striemin mei de wylp; wulp yn it Hollânsk. De fûgel mei de grutte opfallende snaffel is dit jier de nasjonale 'Vogel van het jaar'. Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek hat 40 jier oan data ûndersocht om helder te krijen hoe't de takomst fan dizze soart der útsjocht as briedfûgel yn Nederlân. En dat blykt gjin goed nijs foar de wylp te wêzen.

It tal briedpearen nimt bot ôf; de fûgels ferlitte natuergebieten foar boerelân. Op bygelyks de Waadeilannen hat dat te krijen mei it ferrûgjen fan dúngebieten troch te folle stikstof. Mar yn de greiden rêde wylpen it ek net, omdat sy twa moannen lang nedich hawwe om it lytse spul grut te krijen. En sa lang is it gewoanwei net rêstich yn in it boerelân.

Ynternasjonale sifers

Soks pakt min út foar de tige fersteuringsgefoelige soart. Ek ynternasjonaal buorket de wylp hurd achterút en dat sjogge je no oan weromrinnende oantallen winterdeis yn it Waadgebiet.

In wylp yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

"As dit sa trochgiet, ha wy oer tsien jier noch gjin 2000 spantsjes mear oer hjir yn Nederlân", seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Sovon besjocht no tegearre mei Fûgelbeskerming Nederlân wat der barre moat. "Dat sil him benammen rjochtsje op it boerelân en de Waadeilannen, want dêr lizze ek noch kânsen foar de wylp", leit Kleefstra út.

Utsjerren driget

"Mar it sit de wylp eins op hiel soad fronten tsjin", seit Kleefstra. "Yn Ierlân dêr't earder tûzenen wylpen brieden, driget de soart sels hielendal út te stjerren."

Romke Kleefstra oer de takomst fan de wylp

(advertinsje)
(advertinsje)