Noppert útskeakele op WK darts nei ferlies tsjin Huybrechts

22 des 2019 - 22:33

Darter Danny Noppert is útskeakele op it WK darts. Yn de tredde ronde wie Kim Huybrechts mei 4-2 te sterk. De 28-jierrige Jouster begûn noch goed oan de wedstriid, mar waard brutsen yn de fiifde set. Dat makke er net mear goed.

De Fries, dy't op dit stuit op it 31ste plak fan de wrâldranglist stiet, begûn fuortendaliks skerp tsjin Kim Huybrechts (41ste plak). Mei in finish fan 87 pakte Noppert de earste leg fan de wedstriid. Huybrechts makke rap lyk, wêrnei't de Jouster yn fjirtjin darts op in 2-1 foarsprong kaam. Doe't de Belch ien pylk miste om lyk te meitsjen, smiet Noppert 80 út foar de earste set.

Huybrechts fjochtet werom

Ek de twadde set like rjochting de Jouster te gean. Hy kaam op 2-1 yn legs foar, mar doe notearre Huybrechts in 11-darter en in 13-darter om de set te pakken. De Belch hold dat nivo fêst en begûn de tredde set fuortendaliks mei in 109-finish. Noppert koe dêrnei it inisjatyf fan syn tsjinstanner brekke troch 76 en 74 efterinoar út te smiten. In tredde finish op rige op 148 gie mis foar Noppert, mar fia dûbel sân pakte hy dochs de tredde set: 2-1.

Foto: Orange Pictures

Tsjinstanner Huybrechts kaam goed werom yn de fjirde set. Hy rûn al gau út nei 2-0 yn legs. Noppert pakte der noch wol ien mei in finish fan 83, mar dêrnei koe de Belch de set pakke. Hy bruts de Fries fuort dêrnei yn de earstfolgjende leg. Noppert like syn trippels efkes kwyt te wêzen. Huybrechts makke 2-0 yn legs. Dêrnei kaam de Fries wer wat werom mei in 64-finish, mar it wie net genôch om syn tsjinstanner fan setwinst ôf te hâlden (3-1).

Foto: Orange Pictures

De Jouster mocht op dat stuit gjin set mear ferlieze. Hy begûn goed yn de earste leg, mar Huybrechts smiet 64 op tops út om foar te kommen. Ek yn de twadde leg miste de Belch gjin dûbel en kaam hy op ien leg fan de oerwinning. Huybrechts smiet de wedstriid út mei in 150-finish. De Belch stie yn de lêste trije sets mar twa legs ôf.

Sa einiget it twadde WK foar Noppert yn de tredde ronde. In jier lyn helle er by syn debút de twadde ronde.

It wrâldkampioenskip darten yn Londen is it grutste toernoai fan it jier fan it profbûn PDC. De wedstriden wurde spile yn it Alexandra Palace, yn it noarden fan de Ingelske haadstêd. Foar de winner fan de finale, dy't op 1 jannewaris 2020 spile wurdt, leit in heal miljoen pûn oan prizejild klear.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)