UPDATE: Twa fertochten oanholden nei stekynsidint yn Drachten

23 des 2019 - 00:19

By in stekynsidint yn Drachten is sneintejûn ien persoan swierferwûne rekke. Hy is nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje hat twa fertochten oanholden. By opskuor nei it ynsidint is ek in plysje-agint ferwûne rekke. Dy is yn de ambulânse behannele.

De tadracht fan it stekynsidint by in kafee oan de Zuidkade is net bekend. Twa fertochten wiene útnaaid. De plysje die in Burgernet-melding út. Let op de jûn waarden twa fertochten oanholden. It giet om in jonge fan 14 jier út Drachten en in jonge fan 15 jier fan De Gordyk.

Omstanners slachs

Nei it ynsidint rekken omstanners slachs. Dêrby is dus ek ien plysje-agint ferwûne rekke.

Der wiene ferskate ambulânses nei it plak fan it ûngelok kaam. Der waarden skermen om it slachtoffer hinne set.

Trefwurden: 
Drachten stekynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)