UNIS Flyers wint fan Geleen en stiet yn bekerfinale

22 des 2019 - 21:11

De iishockeyers fan de UNIS Flyers steane yn de bekerfinale. De Feansters wûnen snein yn de heale finale thús mei 5-2 fan Geleen en dat wie mear as genôch, nei't de Friezen in dei earder yn Limboarch ek al mei 3-1 wûnen. De tsjinstanner yn de bekerfinale wurdt Devils Nijmegen.

De Flyers kamen al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Mei in man mear skeat Trevor Peterson hurd de 1-0 binnen. Flak foar de ein fan de earste perioade ferdûbele Adam Bezak de foarsprong foar de Flyers, opnij doe't Geleen in man minder op it iis hie. Dochs die Geleen ek noch wat werom yn dyselde perioade. In skot fan Mordy Munichman fleach binnen fia in spiler fan de Flyers.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Betiid yn de twadde perioade wie it sels wer lyk. Op it stuit dat Flyers powerplay hie, skoarde Geleen. Bezak miste de puck en dêr profitearre Nick Verschuren fan: 2-2. De Flyers profitearren in pear kear net fan powerplay, mar tsjin de ein fan de twadde perioade stiene de Feansters sels mei twa man mear op it iis. Doe makke Petersen der 3-2 fan.

Flyers meitsje dien wurk

Yn de tredde perioade moast Geleen it dwaan sûnder coach Andy Tenbult. Hy hie tusken de twadde en tredde perioade in straf krigen fan de arbitraazje. Healwei de lêste perioade rekke Trevor Hunt de peal. Juha Kiilholma wie gau by de rebound en besoarge Brent Janssen de 4-2. Yn de slotfaze makke Kiilholma sels noch de 5-2.

Finale yn Eindhoven

De finale tusken de Flyers en Devils Nijmegen wurdt op woansdei 15 jannewaris yn Eindhoven spile.

(advertinsje)
(advertinsje)