Drankrider botst mei auto tsjin beam by De Pein

22 des 2019 - 19:45

In automobilist út Kollumersweach is sneintejûn by De Pein tsjin in beam oan riden. Hy wie de macht oer it stjoer kwyt rekke. De plysje hat de man oanholden en nei it plysjeburo brocht. In blaastest wiisde út dat er te folle dronken hie.

Foto: ProNews

Nei it ûngelok rûn de bestjoerder nei in pleats yn de buert, sizze omstanners. Dêr woe er in tou helje, sadat er de auto wer op fjouwer tsjillen sette koe. Doe wie de plysje al belle, omdat minsken sjoen hiene dat de auto op syn kant stie.

De dyk De Kletten hat in skoft ticht west foar it ferkear, om de auto bergje te kinnen. De man siet mei syn freondinne yn de auto. Gjinien rekke ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)