Grutte kotter klapt op de strekdaam by Skylge

22 des 2019 - 19:42

De kotter Friendship is sneintejûn yn de problemen kaam yn de haven fan Skylge. It skip fan sa'n 40 meter hat nei alle gedachten in bocht flak foar de haven te koart nommen. Dêrby is it de strekdaam opfearn.

Nei it ynsidint fear it skip dochs de haven yn:

Nei't de kotter in skoft op de strekdaam lei, is it der troch trije sleepboaten ôf helle. Dêrnei is it skip 'op eigen krêft' de haven yn fearn. Dêrby lei it skip wol bryk yn it wetter, dus mooglik is it lek op in plak.

De Friendship wurdt yn de haven kontrolearre om te besjen wat de skea krekt is.

Trefwurden: 
Skylge skip kotter Friendship
(advertinsje)
(advertinsje)