Henk de Jong: "We ha in prachtige ploech dy't elke dei better wurde wol"

22 des 2019 - 18:00

Sportklup Cambuur is winterkampioen mei 45 punten út tweintich wedstriden. "Dit hiene we net tocht", sei trainer Henk de Jong nei de oerwinning fan syn ploech op Excelsior (1-3). "Ik fyn it moai foar ús klup. Geweldich, hoe't we it dogge. We ha in prachtige ploech dy't elke dei better wurde wol."

Fan dy 45 punten is der gjinien stellen, fynt De Jong. Ek dy fan snein net. Cambuur wie foar it skoft oppermachtich. "Dat wie klasse. It hie wol 0-5 wêze kinnen. Mar op dizze manier is moaier, dat we ek sa wedstriden winne kinne." De Jong doelt op de faze dat Cambuur yn de twadde helte ûnder druk stie. "Dêr ha we ús goed tsjin ward. We leare der ek fan. Jong Ajax die itselde, hurd spylje. Doe ferlearen we, no winne we 'm."

Kinst gewoan gjin druk op ús krije. As Feyenoord dat net kin, dan kin Excelsior dat ek net.

Henk de Jong

Excelsior spile hurd, mar luts him foar it skoft fier werom. Dat begrypt De Jong wol. "Kinst gewoan gjin druk op ús krije. As Feyenoord dat net kin, dan kin Excelsior dat ek net", ferwiist er noch even nei de bekerwedstriid fan ôfrûne tongersdei. "Dus ik snap wol dat se definsyf spylje, oars geane se deroan."

Trochûntwikkelje

De foarsprong op Jong Ajax is trije punten, mar De Jong sjocht benammen nei ploegen as Volendam en De Graafschap. Dat binne de konkurrinten wat promoasje oanbelanget. "Dy ploegen wurde better, mar wy ek! We wolle trochûntwikkelje. Op 3 jannewaris geane we op trainingskamp. It giet net om dom, hurd traine. It giet om goed traine."

Mar se ha no earst frij. "Even hielendal neat", seit De Jong. "Even lekker nei hûs, dat dogge wy ek. We ha der in kretsje bier by yn de bus. Dat kin, want we hoege net sels te riden. Hearlik dus."

Hoedemakers: "Wel een opluchting"

Mees Hoedemakers fûn dat Cambuur it wol earder ôfmeitsje kind hie tsjin Excelsior. "We hebben genoeg kansen gecreëerd", seit de middenfjilder. "Zonde dat we het nog zo spannend maakten, maar op het einde scoorden we gelukkig nog die derde goal. Toen kwam de ontlading. Het was wel een opluchting natuurlijk, want het was nog wat billenknijpen toen zij gingen pompen. Dan kan-ie zomaar verkeerd vallen en dan is het 2-2. Superlekker dat die derde goal nog viel, dan weet je dat het binnen is."

Foar it skoft wie Cambuur oppermachtich: 80 prosint balbesit foar de Ljouwerters. Fan dy statistyk wie Hoedemakers sels ek ûnder de yndruk. "Dan kun je wel zeggen dat je ze in de tang hebt. Zij zakten in, wij hadden rust achterin en we lieten de bal gaan. Zij kregen er geen druk op. 80 procent balbezit, dat is lekker."

As winterkampioen 2020 yn, mei acht punten foarsprong yn de striid om promoasje. Dat kin minder. "Nu even goed rust nemen, genieten, even ontspannen. Dan gaan we daarna weer door." Spilers meie nei de lêste wedstriid kieze: mei de bus mei nei Ljouwert, of mei eigen ferfier nei hûs. Hoedemakers kiest foar it lêste: "Ik ga lekker met m'n vriendin en moeder met de auto mee, lekker naar huis."

Jacobs: "Zo blijven spelen"

Jamie Jacobs foel ferline wike út nei in skop tsjin 'e holle. Hy miste de bekerwedstriid tsjin Feyenoord, mar wie der snein wer by. "We zijn hartstikke goed bezig. Als we zo blijven spelen, pakken we na de winterstop ook genoeg punten. Dat komt zeker goed."

Foar it skoft wie Cambuur folle better en skoarden de Ljouwerters twa kear. "Het voelde ook alsof we ze volledig in de tang hadden. Dat is lekker voetballen", seit Jacobs, dy't belutsen wie by beide goals. Doe't it noch 0-0 stie, krige Cambuur in strafskop nei in oertrêding op Jacobs. "Ik kruiste voorlangs en mijn benen haakten in elkaar. Ik liet me niet vallen, maar als je dat voelt, dan maak je daar gebruik van." Mühren skeat de strafskop raak.

De 2-0 wie fan Jacobs sels, op oanjaan fan Maulun: "De bal was perfect. Als hij opendraait en z'n hoofd gaat omhoog, dan loop ik erop. Ik hoef 'm alleen maar te schampen."

(advertinsje)
(advertinsje)