Cambuur wint en giet mei acht punten foarsprong de winterstop yn

22 des 2019 - 16:23

Sportklup Cambuur hat 2019 ôfsletten mei in útoerwinning op Excelsior. Yn Rotterdam wûnen de Ljouwerters mei 3-1. Mühren en Jacobs, dy't tongersdei tsjin Feyenoord noch ûntbrutsen, soargen yn de earste helte foar in 2-0 foarsprong. Yn de slotfaze die Excelsior wat werom. Kallon makke yn blessueretiid dien wurk. Cambuur hat in foarsprong fan acht punten op de konkurrinsje yn de promoasjestriid.

Robert Mühren, Jarchinio Antonia en Jamie Jacobs fiere de 0-2 - Foto: www.orange-pictures.nl

It earste gefaarlike momint foar de Ljouwerters wie al nei twa minuten, doe't in foarset fan Jarchinio Antonia hast binnen foel by de twadde peal. Dat wie noch net de iepeningstreffer, mar dy foel koart dêrnei wol: yn de tsiende minút waard Jamie Jacobs op de hakken trape en krigen de Ljouwerters in strafskop. Robert Mühren skeat raak fanôf de stip.

Jacobs skoart by rentree

Nei in pear heale kânsen foar Excelsior, wreide Cambuur de foarsprong út. Jamie Jacobs, yn syn earste wedstriid nei in holwûne, kopte in foarset fan Robin Maulun fia de peal raak: 0-2.

Yn de lêste tsien minuten fan de earste helte rekken de Ljouwerters noch twa kear de peal, mar dy beide kearen foel er der net yn. Earst skeat Maulun op it houtwurk en dêrnei die Issa Kallon itselde. Tusken dy kânsen troch wiene Mühren en Antonia ek ticht by de 3-0 foar Cambuur, mar de Ljouwerters lieten it nei om foar it skoft al dien wurk te meitsjen.

Excelsior stadichoan agressiver

Nei in kalm begjin fan de twadde helte waard Excelsior stadichoan wat agressiver. It publyk yn Kralingen gie der ek mear efter stean. David Sambissa begie in oertrêding op de râne fan it strafskopgebiet. Dêr krige er giel foar. Doelman Sonny Stevens kearde de frije traap fan Dogucan Haspolat mei syn fûsten.

Tusken de stoarm fan Excelsior troch krige Cambuur ek grutte kânsen. Jacobs makke hast syn twadde, nei't doelman Alessandro Damen yn earste ynstânsje de bal los liet, mar dyselde Damen koe dêrnei de bal noch fan de line helje. Ek Robert Mühren smiet de wedstriid net yn it slot: syn kopbal einige tsjin de latte.

Spanning werom, mar net lang

Flak nei't Kallon ek de kâns op de 0-3 lizze litten hie, kaam de spanning werom yn de wedstriid. Stevens liet de bal los by in skot en âld-Cambuurspiler Rai Vloet makke de 1-2.

Even hope de thúsklup wer op in goed resultaat, mar yn de blessueretiid foel de beslissing dochs noch. Op oanjaan fan Mühren soarge Kallon foar dien wurk.

Excelsior - SC Cambuur 1-3 (0-2) 11. Robert Mühren 0-1 (strafskop), 29. Jamie Jacobs 0-2, 83. Rai Vloet 1-2, 90+1. Issa Kallon 1-3

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Maulun (86/Akoy); Antonia (82/Paulissen), Mühren, Kallon (90+4/Ladan)

Boppeyn de Earste Difyzje

W P Saldo
1. Cambuur 20 45 +32
2. Jong Ajax 20 42 +28
3. De Graafschap 20 37 +22
4. FC Volendam 20 37 +7
5. Go Ahead Eagles 20 34 +11
6. NAC Breda 20 34 +11
7. Excelsior 20 34 +5

De boppeste twa ploegen promovearje oan de ein fan it seizoen nei de earedifyzje. Jong Ajax kin net promovearje. As dy ploech earste of twadde wurdt, dan promovearret de nûmer trije.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Excelsior
(advertinsje)
(advertinsje)