Ludike aksje boerinnen yn Ljouwert: "Hjirmei berikke we de minsken ek"

In groep boerinnen hat snein yn it sintrum fan Ljouwert in ludike askje hâlden. Sy wolle sjen litte dat buorkerijen ûnmisber binne. Suvelprodukten komme fan de pleats en wurde net makke yn supermerken, is it boadskip. Se tinke ek dat se mei dizze aksje itselde berikke kinne as mei de massale protestaksjes mei trekkers.
Geeske Klaver fan de aksjegroep Fiere Boerin:
Boerinnen protest
"Fan 'e wike stie it hjir fol mei trekkers", seit Geeske Klaver fan de aksjegroep Fiere Boerin. "Mar no berikke we ek de minsken." De groep dielde hapkes út oan besikers. Dêrnjonken wiene der in pear kij, skiep en geiten op it Saailân.

Dûbeld gefoel by aksjes op sneldiken

Klaver hat in dûbeld gefoel by de aksjes fan trekkers op bygelyks sneldiken: "Oan de iene kant fyn it it hiel goed, want der gebeurt wat. Mar ik tink ek oan de dokter dy't yn de file stiet en in operaasje mist. Hy rêdt libbens, sa'n man moat net yn de file stean efter al dy boeren."
Ludyk protest boerinnen op it Saailân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dat de aksjes fan de boeren te fier geane, wol se net sizze. "Mar se moatte der wol om tinke dat it net konstant gebeurt. In kear sille de minsken net slim fine, mar it moat net alle wiken barre. Dan binne we it begryp kwyt."

'Mearderheid hat nocht fan boereprotesten'

It tal Nederlanners dat noch achter de boereprotesten stiet rint werom, neffens ûndersyk fan Maurice de Hond. Ut syn lêste peiling docht bliken dat 55 prosint fan it lân sa'n bytsje klear is mei de boereprotesten.