Melkfeehâldersfakbûn wol taslach op suvel yn supermerk

22 des 2019 - 15:20

"Der moat in suveltaslach komme by de kassa fan de supermerk", fynt foarsitter Harm Wiegersma fan it melkfeehâldersfakbûn NMV. Wiegersma sei dat yn it radioprogramma Buro de Vries en slút him dêrmei oan by in suggestje dy't skiedend deputearre Johannes Kramer earder die.

Sander Warmerdam, Harm Wiegersma en Aukje de Vries - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens Wiegersma is it in goeie saak dat der troch de belutsen partijen fierder praat wurdt oer it stikstofdossier en dat premier Rutte dêrby mear de rezjy nei him talûkt. "Mar der moat eins fuort wat barre sadat it ljocht by de boer net útgiet."

Sa'n suveltaslach soe dêryn foarsjen kinne, tinkt Wiegersma. "Alle skeakels yn de keten nimme no harren winst. En de boer krijt dan wat der oerbliuwt. Dat is it dilemma dêr't we yn sitte en dêrom wurde we de lêste 10, 20 jier twongen om hieltyd mear te produsearjen foar minder jild."

Nijsfoarum

Yn it nijsfoarum siet Wiegersma oan tafel mei de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, Sander Warmerdam en mei Aukje de Vries, Twadde Keamerlid foar de VVD.

Harm Wiegersma oer de suveltaslach

Buro de Vries is in programma mei achtergrûnen by it nijs. It wurdt alle wiken útstjoerd op snein, tusken 11:00 en 13:00 oere. De folsleine útstjoering is hjir werom te harkjen.

(advertinsje)
(advertinsje)