Fjouwermansbob mei Veenker no njoggentjinde yn Königssee

22 des 2019 - 14:43

De Nederlânske fjouwermansbob mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld is snein njoggentjinde wurden by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Königssee. Mei Ivo de Bruin, Joost Dumas en Stephan Huis in 't Veld sette Veenker in tiid del fan 1.39.75.

Foto: IBSF

De efterstân op de winners, de bob fan Jonas Jannusch, wie dêrmei 1.24 sekonde.

In dei earder wiene Veenker en dy noch trettjinde wurden. Doe wie de tiid 1.39.44. Freed waarden Veenker en De Bruin yn de twamansbob tsiende yn Königssee.

(advertinsje)
(advertinsje)