Befolkingsûndersyk bringt 20.000 foarstadiumgefallen termkanker oan it ljocht

It ôfrûne jier hat it RIVM mei it befolkingsûndersyk mear as tweintichtûzen gefallen fan 'foarrinners' fan termkanker oan it ljocht brocht. Mear as oardel miljoen minsken hawwe meidien oan it fergeze ûndersyk. Der binne 3700 gefallen fan termkanker konstatearre.
© Omrop Fryslân
Mei it befolkingsûndersyk wurdt rûchwei 85 prosint fan termkankers opspoard. Sawat trije op de fjouwer Nederlanners docht mei oan it RIVM-ûndersyk en dat tal bliuwt stabyl.

Boarstkanker

It RIVM screent ek froulju op boarstkanker. It tal froulju dat meidocht oan it ûndersyk leit ferline jier wat leger as oars (76,6 prosint). Fan elke tûzen dielnimsters waarden 22 trochferwiisd foar neier ûndersyk. By de helte fan dy 22 wie der in direkte fertinking fan boarstkanker. By de oaren wie der te min ynformaasje op de röntgenfoto foar in goede beoardieling.

Liifmoerhalskanker

It tredde befolkingsûndersyk is nei liifmoerhalskanker ('baarmoederhalskanker'). It ôfrûne jier hawwe goed 460.000 froulju dêroan meidien. Dat komt oerien mei 57,6 prosint fan de doelgroep en krekt wat mear as it jier dêrfoar. By 9,5 prosint is it firus dat dizze soart fan kanker feroarsaket oantroffen. By goed fiiftûzen froulju is in foarstadium fan liifmoerhalskanker opspoard.