Frontale oanriding Surhústerfean mooglik troch oalje op de dyk

22 des 2019 - 13:27

By Surhústerfean binne sneintemoarn twa auto's mei de foarkanten opinoar botst. De oarsaak dêrfan is nei alle gedachten glêdens troch oalje op de dyk. Yn de bocht fan de Fjouwerhústerwei leit oalje op dyk en ien fan de auto's kin dêrtroch begûn wêze te skowen en sa op de tsjinlizzer botst wêze.

Foto: ProNews

Yn alle gefallen twa ambulânses binne nei it plak fan it ûngelok kaam. Der soene twa slachtoffers wêze. Oer ferwûningen is noch neat bekend. De skea oan de auto's is grut.

(advertinsje)
(advertinsje)