Autobestjoerder rydt hast 200 op Wâldwei 'nei krystslokje' neffens plysje

In automobilist is freedtejûn troch de plysje pakt omdat er 209 kilometer yn 'e oere ried dêr't 100 kilometer de limyt is. Dat barde op de Wâldwei by Garyp.
In drankrider © Shutterstock.com
De auto ried yn de rjochting fan Drachten. In motorplysje dy't de auto lasere hie, gie achter him oan, mar hie alle muoite de hurd ridende auto yn te heljen. Pas by Drachten slagge dat. Doe't de auto oan de kant set wie, koe de bestjoerder syn rydbewiis fuortendaliks by de plysje ynleverje.
Op it plysjeburo die ek noch bliken dat de man twa kear safolle drank op hie as op syn heechst tastien is. Dêrfoar krige er ek noch 425 euro boete. De plysje meldt dat de ynfoardering fan it rydbewiis nei in krystslokje wie.