Mearderheid Nederlanners hat syn nocht fan boereprotesten

22 des 2019 - 11:04

In mearderheid fan 55 prosint fan de Nederlanners is wol sa'n bytsje klear mei de boereprotesten. Dat docht bliken út in lêste peiling fan Maurice de Hond. Neffens de peiling hawwe benammen VVD-kiezers harren nocht fan de protesten (89 prosint).

Boereprotest op de A7 by De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De achterban fan Forum voor Democratie, PVV en CDA stean noch wol yn mearderheid achter de aksjes. By D66-stimmers is der mei 4 prosint hast hielendal gjin stipe foar de aksjes fan de boeren. Dat is noch minder as de stipe fan de Partij voor de Dieren. Fan de oanhingers fan dy partij stiet 18 prosint achter de boere-aksjes.

(advertinsje)
(advertinsje)