UNIS Flyers winne earste heale finale om de beker

22 des 2019 - 09:43

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe in grutte stap set rjochting bekerfinale. Yn Geleen waard it earste duel yn de searje om de heale finale mei 3-1 wûn fan Microz Eaters Limburg. Sneintejûn spylje de Friezen yn Thialf it twadde en beslissende duel tsjin de Geleen Eaters. As de Flyers nei trije perioades net ferlern hawwe, sitte se yn de finale.

Foto: UNIS Flyers

De UNIS Flyers setten goed útein yn Limburg. Nei de earste perioade stie der in terjochte 1-0 foarsprong op it boerd. Adam Bezak skoarde foar de Feansters.

De ploech fan trainer/coach Mike Nason drukte yn de twadde perioade it krêftsferskil út yn in gruttere foarsprong. Pippo Limnell Finocchiaro makke de 2-0, en doe't oan de ein ek Lars den Edel skoarde, wie de bút hast binnen.

Yn de tredde perioade waard Geleen al sterker, mar fierder as in treffer fan Nick Verschuren kamen de Limburgers net. Einstân: 1-3.

Bekerfinale yn Eindhoven

Troch de winst yn reguliere spyltiid pakke de Flyers trije wedstriidpunten. Sneintejûn hawwe de Friezen oan ien wedstriidpunt genôch om nei de finale yn Eindhoven te gean. Dêrfoar moatte se nei trije perioades op syn minst lyk stean mei Geleen.

Yn de oare heale finale wûn Nijmegen nei ferlinging mei 4-2 yn en fan Den Haag. Snein is Nijmegen by winst yn eigen stadion dus finalist.

UNIS Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: Martin de Jong

Best-of-two

De twadde wedstriid yn dizze heale finalestriid wurdt sneintejûn om 19:00 oere op It Hearrenfean spile. Om út te meitsjen wa't de winner is fan dizze 'bêste-fan-twa'-searjes, wurdt sjoen nei de wedstriidpunten. De ploech mei de measte wedstriidpunten giet troch nei de finale. It doelsaldo telt hjir net mei. De puntetelling giet sa:

  • Trije punten as de ploech yn reguliere tiid wint
  • Twa punten by winst nei ferlinging of nei shoot-outs
  • Ien punt foar ferlies nei ferlinging of nei shoot-outs
  • Gjin punten by ferlies yn reguliere tiid

De UNIS Flyers stean nei de wedstriid fan sneon op 3 punten.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers Geleen
(advertinsje)
(advertinsje)