Boekekast #13: Twa ferhalen fan Hylkje Goïnga

Harkesto graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze trettjinde Boekekast de twa koarte ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit...' en 'Marcello' fan Hylkje Goïnga. De ferhalen wurde foarlêzen troch Karen Bies.
De ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit ...' en Marcello komme út de bondel 'Tsien fan Hylkje', yn 2016 ferskynd by de Afûk. Foar dizze bondel socht Douwe Kootstra tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga út. Yn har humoristyske koarte ferhalen stelt de skriuwster it ûnwierskynlike gauris foar as deagewoan.
Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Hylkje Goïnga

Kwa opset en styl waard Hylkje Goïnga, yn 2001 ferstoarn, wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl seach se mei gefoel foar humor en in skerp each foar detail kâns om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt yn har ferhalen dan ek geregeld op 'e ferkearde foet set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachtse en bytiden ek absurde draai meitsje.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.