Teloarstelling nei lykspul: "Wij durfden vandaag te voetballen"

Nei achttjin wedstriden hat Sportklup Hearrenfean no 28 punten binnenhelle. Sneon kaam dêr it lêste punt by, tsjin Heracles Almelo. In frustrearjende wedstriid foar de Friezen, dy't tsjin in ploech spilen dy't benammen yn en om de eigen sechtjin stean woe.
Reaksjeartikel 1
Nei it lêste fluitsinjaal wiene de besikers út Almelo bliid mei de punt dy't se yn it Abe Lenstrastadion pakten, wylst de spilers fan Hearrenfean baalden. Faik: "Ik kan het wel begrijpen, ik denk dat de teleurstelling wel bij ons zit. Wij durfden vandaag te voetballen, en gingen voor die drie punten." Nei Willem II wie it de twadde ploech dy't benammen ferdigene en wachte op de counter. "En als we er dan doorheen komen, dan is het half", analysearret Faik.

Penalty

De middenfjilder hie de gouden kâns om de wedstriid iepen te brekken, en Heracles te twingen om iepener te spyljen. Krekt foar de rêst krige Hearrenfean in strafskop, nei in handsbal. De traap fan Faik bedarre lykwols op de hannen fan keeper Blaswich. "Normaal wacht ik tot de keeper een hoek kiest", fertelt Faik. "Voor mijn gevoel leek het net alsof het niet die kant opging." Faik fynt dat er benammen sels fout siet: "Nu geef ik hem ook nog op een hoogte dat hij het schot kan pakken."
Reaksjeartikel 2

Krityk

Hearrenfean slút it seizoen no ôf mei 28 punten út 18 wedstriden, en dat is in stik better as dat in soad minsken yn it foar ferwachte hiene. Keeper Warner Hahn hat him dêr inkelde moannen lyn wol oan steurd: "Er waren veel mensen die hun zegje klaar hadden over hoe slecht we wel niet waren, en dat we klaar waren voor degradatie."
Hahn fynt dat de kritikasters net te fluch oardielje moatte oer in nije ploech: "Wij kenden onze eigen spelers ook niet goed, en dan hebben ze een oordeel. Ik vind dat nogal makkelijk." Neffens Hahn hat Hearrenfean it tsjindiel no wol bewiisd.
Reaksjeartikel 3

Untwikkeling

Trainer Johnny Jansen hie nei ôfrin in dûbeld gefoel by de wedstriid: "Eigenlijk begin je als hoofdtrainer aan je eerste klus, en dan zeg je aan het begin van je seizoen dat je minder goals tegen moet krijgen." Neffens Jansen is er dêr oant no ta goed yn slagge. "Maar dan wil je ook een stapje beter voetballen, en dat hebben we de eerste wedstrijden goed gedaan. Nu komen ze zelfs niet eens meer over de middenlijn." Dit betsjut neffens de trainer dat de ploech, nettsjinsteande it lykspul, in goeie ûntwikkeling trochmakke hat.
De punten dêr't noch op traind wurde moatte binne dúdlik. Yn alle gefallen penaltys, want Hearrenfean hat er al trije mist dit seizoen. "Dat klopt, die taak leg ik bij mij neer", seit Jansen.
Reaksjeartikel 4

Debutant

Yn de 79ste minút kaam der foar ien Hearrenfean spiler in moai momint: Rein Smit mocht syn debút meitsje yn it earste. De 18-jierrige Smit spilet al seis jier by Hearrenfean, en komt benammen út foar de beloften. De jonge fuotballer komt fan ADO 20 út Heemskerk. Dat is ûnder oare de ploech dêr't ek Pelle van Amersfoort weikomt.
Smit wennet no by in gastgesin yn Oranjewâld. Sneon siet er foar de twadde kear op de bank by de 'hoofdmacht', en ynienen wie foar him it momint dêr: "Ik schrok eigenlijk een beetje!" Coach Jansen joech him mei om goed syn bêst te dwaan, en benammen ek wille te hawwen. En dat is slagge: "Ik ben blij."