Friezen net yn de prizen by Marathon Cup yn Breda

21 des 2019 - 22:32

By it maratonreedriden foar manlju en froulju hawwe de Fryske reedriders sneontejûn gjin prizen pakt. By de KPN Marathon Cup wie by de froulju Jade van der Molen de bêste Friezinne mei in fiifde plak, by de manlju wie der gjin Fries yn de top tsien.

Marijke Groenewoud yn aksje - Foto: Timsimaging.nl

By de froulju wiene der al rom foar de ein fan de wedstriid noch mar njoggen riders oer en waard it in taktysk spultsje. Dêr wie Marijke Groenewoud fan Hallum troch in falpartij al net mear by. Mei flugge sprinters yn de groep woene ferskate riders fan de lange azem in gat slaan. Mei noch fjouwer rûntsjes te gean besocht Anne Tauber fan Oranjewâld fuort te kommen, mar dat slagge net.

Sa kaam it ta in sprint tusken njoggen froulju. Francesca Lollobrigida luts de sprint oan en ried fan kop ôf nei de oerwinning. Efter de Italiaanske einige Kelly Schouten op in twadde plak, Anna van der Bos waard tredde.

Bêste Friezinne wie Jade van der Molen fan It Hearrenfean. Sy waard fiifde. Groenewoud bliuwt nettsjinsteande har fal wol lieder yn it jongereinklassemint.

Kooiman wint by manlju

By de manlju wie Erik Jan Kooiman de winner fan de achtste wedstriid yn de Marathon Cup. Hy koe yn de wedstriid fan 125 rûntsjes yn de finale fuortkomme út in kopgroep fan seis man. De Italiaan Daniel Niero waard twadde. Frank Vreugdenhil kaam as tredde oer de einstreek.

Trefwurden: 
reedriden maraton
(advertinsje)
(advertinsje)