Hearrenfean mei opnij thús bekerje, tsjin Willem II

21 des 2019 - 22:15

Sportklup Hearrefean hat sneontejûn by de bekerlotting opnij in thúswedstriid lotte. Se moatte yn de achtste finales oantrede tsjin Willem II. Mochten de Feansters dizze wedstriid winne dan witte se har rûte nei de finale ek al.

Foto: ANP

Hearrenfean wûn ôfrûne wike mei 2-0 fan Roda JC, wylst Willem II mei 3-0 wûn fan Sparta. De achtste finale tsjin Willem II is op 21, 22 of 23 jannewaris.

Nije lotting

De KNVB beker begjint dit jier mei in nije lottingsmetoade. Hjirtroch is it no al dúdlik hokker ploegen tsjininoar spylje moatte, mochten de teams in ronde fierder komme. Ferline jier is inselde lottingsysteem al ynfierd by de Champions League.

Rûte nei finale

Foar Hearrenfean sjocht de mooglike rûte nei de finale der as folget út:

Kwartfinale: In thúswedstriid tsjin Fortuna Sittard of Feyenoord.

Heale finale: In thúswedstriid tsjin Top Oss, AZ, NAC Breda of PSV.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean KNVB beker
(advertinsje)
(advertinsje)