Follybalsters VC Snits winne fan Zwolle en binne troch nei heale finale

VC Snits hat har pleatst foar de heale finales yn de beker fan it follybal. De Snitsers wûnen yn de kwartfinale mei 3-0 fan Regio Zwolle. De setstannen wiene 24-26, 22-25 en 24-26.
Follybalsters VC Snits winne fan Zwolle en binne troch nei heale finale
De wedstriid wie yn eltse set spannend. De earste set gie oant 24-24 lyk op. De lêste twa punten koene lykwols binnenhelle wurde troch de froulju fan VC Snits: 1-0. Yn de twadde set kaam Snits earst op efterstân, mar dochs wûn de ploech de set mei 22-25.
Yn de tredde set stiene de Snitsers de hiele set op foarsprong, al wiene de ploegen wer lykweardich. De set waard úteinlik pakt mei 24-26. Troch de oerwinning gean de Snitsers troch nei de heale finale fan it bekertoernoai.
Follybalsters VC Snits winne fan Zwolle en binne troch nei heale finale
Dit wie net in oerwinning út it boekje, mar 3-0 is 3-0 en wy gean foar de beker, seit trainster Henriette ter Steege.
De helte fan dit seizoen wie in rûzige perioade. Sa hat trainster Henriette ter Steege it ek ûnderfûn. It wie yntins op allerhanne flakken, seit se. It wie pittich, mar it is in moaie groep en it is in ienheid, nettsjinsteande wat der bart. Dt se no as haadferantwurdlike oan it roer stiet wie wol in omslach foar de trainster, mar se sit no wol folslein yn it ritme.