Aris ferliest spannende derby fan it noarden fan Donar

21 des 2019 - 21:20

De basketballers fan Aris moasten sneontejûn har meardere erkenne yn Donar út Grins. Yn Martiniplaza waard it 73-63 foar de Grinzers.

Foto: Aris Ljouwert

De Ljouwerters setten goed útein, mar moasten al gau de rezjy oan de Grinzers jaan. Dy kamen op grutte foarstân te stean, en koene it earst kwart ôfslute mei in stân fan 20-14.

Dêrnei krigen de Ljouwerters, en yn it bysûnder Reinder Brandsma fan Damwâld, de geast. Brandsma skoarde sân punten op rige. Hjirmei stiene de Ljouwerters hast wer lyk mei Donar: 22-21. Yn it skoft dêrnei giene beide ploegen gelyk op. Oan de ein fan it twadde kwart stie de skoare dan ek op 37-34.

Foarsprong

Yn it tredde kwart bleau it spannend, en kaam Aris sels langere tiid op in foarsprong. Dit soarge foar in hieltyd hegere temperatuer yn Grins. De Ljouwerters koene lykwols rêstich bliuwe, en einigen it tredde kwart mei in krappe foarsprong: 49-51.

Dêrnei wie it lykwols Donar dy't de rezjy werompakte. Yn in sterke slotfaze pakten de Grinzers de punten mei in 73-63 oerwinning.

Trefwurden: 
Donar Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)