LDODK as koprinner it nije jier yn, nei winst op Groen Geel

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn in oerwinning pakt op Groen Geel. Yn Wormer wûn de ploech mei 22-26. Dêrtroch giet it team as koprinner fan de kompetysje de krysttiid yn.
Erwin Zwart yn in eardere wedstriid dit seizoen © Orange Pictures
De ploech fan coach Henk Jan Mulder hie wat goed te meitsjen nei it romme ferlies yn de topper tsjin PKC. Dat Groen Geel net in tsjinstanner fan itselde kaliber as PKC is, waard al gau dúdlik. Nei acht minuten spyljen stie it 1-4 foar LDODK. Ek dêrnei bleau de ploech komfortabel op foarsprong stean. Nei de earste helte stie it 7-12 yn it foardiel fan de Fryske kuorballers.
Nei yn de twadde helte út te rinnen nei 15-23 lieten de Fryske kuorballers de jaachlinen wat sjitte en koe Groen Geel weromkomme oant 20-23. It einskot wie lykwols wer foar LDODK, wêrtroch't der nei it lêste fluitsinjaal 22-26 op it skoareboerd stie.
Topscorers oan de kant fan LDODK wiene de bruorkes Andre en Erwin Zwart mei beide seis doelpunten. LDODK nimt troch de winst de kopposysje wer oer fan PKC, dat earder op de dei ûnferwachts ferlear fan KZ.