Hearrenfean spilet lyk yn lêste wedstriid fan it jier tsjin Heracles

21 des 2019 - 20:23

Sportklup Hearrenfean hat de lêste wedstriid foar de winterstop lykspile tsjin Heracles Almelo. Yn it Abe Lenstra Stadion kamen de Friezen net fierder as in 1-1 lykspul tsjin de ploech út Almelo.

Foto: Orange Pictures

Mei Andres Dreyer as ferfanger foar de blessearre Jens Odgaard hie Hearrenfean it oan it begjin fan de wedstriid dreech. De earste grutte kâns wie foar de besikers út Almelo. Yn de fiifde minút rekke Veerman sloarderich de bal kwyt, mar keeper Warner Hahn reagearre attint op de pass fan Cyriel Dessers. Net folle letter krige Mohammed Osman de twadde kâns, mar syn skot gie oer de goal.

Penalty krekt foar skoft

Nei de earste tsien minuten krigen de Feansters it wat better op 'e rit. Nei hast in heal oere moast de keeper fan Heracles Janis Blaswich twa kear rêding bringe. Earst koe Mitchel van Bergen in foarset fan Chidera Ejuke der krekt net yn rinne. Dêrnei wie it Ejuke sels dy't nei binnen kaam en mei in skot rjochting de krusing Blaswich ta it uterste dreau.

Yn de 43e minút krige Hearrenfean dè kâns om mei in foarsprong de klaaikeamers yn te gean. Nei in handsbal fan Dessers by in hoekskop, mocht Hicham Faik in strafskop nimme. Mar syn ynset waard keard troch Blaswich. Ekfkes letter gie in skot fan Dreyer noch krekt njonken it goal.

Twa flugge goals

Yn de twadde helte seach Hearrenfean nei 54 minuten tsjin in 1-0 efterstân oan. Dresevic ferspile de bal op it middenfjild, dêr't Dessers fan profitearre: 1-0. Noch gjin twa minuten letter stie it lykwols alwer 1-1. In foarset fan Van Bergen waard noch mist troch Ejuke, mar Joey Veerman koe dêrnei by de twadde peal mei syn earste kompetysjegoal de Feansters op like hichte sette.

Hearrenfean gie nei de lykmakker op syk nei de winst, mar echt grutte kânsen kamen der lange tiid net. Yn de 79e minút brocht coach Johnny Jansen de 18-jierrige Rein Smit foar Dreyer. Mar ek nei dy yngreep wie faak de einpass net goed genôch om foar echt gefaar te soargjen. De wedstriid einige dan ek yn in 1-1 lykspul.

SC Hearrenfean giet de winterstop yn mei 28 punten út 18 wedstriden.

SC Hearrenfean - Heracles Almelo: 0-0 (0-0)

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen, Dreyer (79/ Smit), Ejuke (87/ Bruijn).

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)